Aris ferliest fan Amsterdam

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha woansdei mei 85 - 77 ferlern fan koprinner De Astronauts út Amsterdam. De Ljouwerters bleaunen yn de earste helte goed by en gongen sels mei in foarsprong fan trije punten de rêst yn. Mar neidat de Amsterdammers folle fûler oan de twadde helte begûnen, rekken de manlju fan Aris it spoar bjuster.
De Ljouwerters bliuwe nei it ferlies op it sechsde plak stean yn 'e earedivyzje.