Yllegalen oppakt yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje hat ferline wike tongersdei yn Snits fjouwer yllegale frjemdelingen oppakt. It giet om trije Egyptenaren en in Tunesiër.
Doe't ien fan de fjouwer bûtenlanners ferline wike in fergunning oanfreegje woe op it gemeentehûs waard dizze man oanhâlden. Hy besocht mei falske adressen ferbliuwsfergunnings te krijen. Bûten it gemeentehûs binne letter ek de oare trije manlju oppakt. Se wurde allegear it lân útset.