'Privatisearring net nedich'
Ferselsstanniging fan sportkompleks De Biltse Slag liedt net struktureel ta fermindering fan 'e gemeentlike lesten. Dat fynt de 'Markt-plan-advysgroep', dy't dêr ûndersyk nei dien hat yn opdracht fan B&W fan It Bilt. It ûndersyksburo jout oan hoe't it better kin mei it behear fan 'e sporthal en it swimbad.
Foar in ferbettering hoecht der net perfoarst privatisearre te wurden. B&W jout dat dan ek as advys oan de ried.
Trefwurden:
argyf