Oerfal op benzinestasjon Dokkum

© Omrop Fryslân
Oan 'e Rûnwei yn Dokkum is tiisdeitejûn om healwei njoggenen in benzinestasjon oerfallen. Twa manlju twongen de meiwurkster de kassa leech te meitsjen.
De iene fertochte is in blanke man. Hy hie in griene jas oan mei in kapúsjon, in spikerbroek en wite gympys oan. De oare fertochte is in 'Irakees type', sa't de plysje it neamt. Dy man hie in brune jas oan, in brune pet op en brune skuon oan. Hy prate mei in bûtenlânsk aksint.