Boek Stania State kape

16 feb 2005 - 16:42

Houtkapers ha woansdeitemoarn in 260 jier âlde boek kape. De beam stie yn de tún fan Stania State by Oentsjerk. De beam fan goed 25 meter heech is siik en moast fanwege besmettingsgefaar fuorthelle wurde. It park Stania State is dêrmei in monumint kwyt.

De stam fan de beam wurdt troch in keunstner brûkt. It hout moat lykwols earst noch in jier yn it wetter lizze om de sykte der út te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)