Reorganisaasje: Halt bûten skot

© Omrop Fryslân
De Fryske Halt-buro's bliuwe foarearst bûten skot by de herstrukturearing dy't Halt Nederlân woansdei bekend makke hat. Goed de helte fan de Halt-buro's moat slute. Sa moat der in ein komme oan de grutte organisatoaryske ferskillen by de ferskillende buro's. Ek moat de aksje jild besparje.
De Halt-buro's yn Ljouwert en Easterwâlde moatte wol mear gearwurkje. Dêrneist wurdt der oerlein mei Halt Grinslân oer bestjoerlike gearwurking.