Stadiger ride op N383

16 feb 2005 - 15:21

De grutte dyk tusken Sint Anne en Marssum is te min en dêrom moat de maksimumsnelheid nei ûnderen ta. Dat wolle B en W fan 'e gemeente It Bilt. Se dogge dêrta in fersyk by eigner fan de dyk, de provinsje.

De provinsje sil de dyk noch dit jier ferbreedzje. Mar it kolleezje fan it Bilt freget him ôf oft dy planning wol helber is. Mei de eigners fan de grûn is noch gjin oerienkomst sletten. No mei der 80 km yn 'e oere riden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)