Ultimatum oan Atoglas

16 feb 2005 - 14:03

De direksje fan Atoglas yn Ljouwert krijt woansdei in brief mei in ultimatum. Foar moandei 12 oere moatte de easken fan it personiel ynwillige wurde. Personiel en bûnen wolle dat in part fan 'e 130 wurknimmers oanbliuwt en dat der foar de oaren in sosjaal plan komt.

Wol de direksje net om lyk, dan folgje der mooglik aksjes. De direksje wol it keunststoffabryk yn Ljouwert slute en de produksje nei Frankryk oerpleatse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)