Nije website Skiermûntseach

© Omrop Fryslân
Skiermûntseach is drok dwaande mei it opsetten fan in nije ynternetside. Toeristen kinne dêr sjen hokker húskes noch beskikber binne en sa sels in fakânsje besprekke. Ferhierders fan akkommodaasje kinne fierders tsjin betelling in sub-pagina oanfreegje dêr't se ynformaasje op kwyt kinne.
De nije ynternetside fan it eilân Skiermûntseach moat ein maart klear wêze.