Krisis oer brede skoalle

16 feb 2005 - 10:37
Foto: Omrop Fryslân

Yn Boarnsterhim driget in politike krisis oer de nije brede skoalle yn Akkrum. De rie hat dêrfoar de Ulbe Twijnstrastrjitte op it each. Allinne as B en W oantoane kinne dat de Boarnsterdyk in gaadliker plak is, giet de rie dêrmei akkoart. B en W wegerje lykwols om mei in bettere ûnderbouwing te kommen. Gemeentebelangen tinkt deroer om in moasje fan wantrouwen yn te tsjinjen. B en W moatte yn dat gefal opstappe.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)