Gearwurking Saxenoord en Talant

© Omrop Fryslân
Soarchsintrum Saxenoord yn Frjentsjer sil gearwurkje mei de Stichting Talant, foar ferstanlik handikapten. Tsien kliinten fan Talant sille fan nije wike tiisdei ôf it restaurant en it winkeltsje yn it soarchsintrum bemanne.
Beide organisaasjes hawwe foardiel fan de gearwurking. Foar Saxenoord betsjut it in flinke útwreiding fan de foarsjennings. Talant krijt der in nije foarm fan deibesteging foar de kliinten by.