Kampioenskip bowles yn Drachten

© Omrop Fryslân
Yn Drachten ha sa'n 50 spilers meidien oan it noardelik kampioenskip bowles. Dizze Australyske sport is hjir yn opkomst. It giet der om om mei trije ballen tichtby in lyts wyt baltsje te kommen. It is it gruttere broerke fan Jeu de Boules.
Der dienen teams út Hoogeveen, Assen, Meppel en Drachten mei. Hoewol de sport benammen troch âlden dien wurdt, is der bot ferlet fan jong talint. Dat wie ek ien fan de doelen fan it toernoai.