Sweden moatte nei Fryslân ta

15 feb 2005 - 19:36

It provinsjale toeristyske buro Fryslân Marketing rjochtet him mear op Skandinavyske toeristen. Dat gebeurt yn oparbeidzjen mei de VVV's fan it Amelân en Grinslân. Benammen Sweden, mar ek Noaren en Denen sakje hieltyd faker ôf nei it suden en ha ek nochris aardich wat jild te besteegjen. Fryslân Marketing docht dêrom ûnder oare mei oan de grutste toeristebeurs yn Sweden.

Fierder moatte der mear toeristen út België en Dútslân nei Fryslân komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)