Jong Hearrenfean wint fan PSV
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn fan Jong PSV wûn mei 2-1. Op sportpark Skoatterwâld kamen de Feansters nei in lyts kertier op foarsprong troch in doelpunt fan Victor Sikora. Yn de twadde helte makke Patrick Hoep de 2-0. Remco van der Schaaf fan PSV bepaalde de einstân op 2-1. Jong Hearrenfean stiet no op it fyfde plak yn de beloftekompetysje, mei 23 punten út 15 wedstriden. Jong Ajax is de koprinner, foar Jong Feyenoord en Jong PSV.
Trefwurden:
argyf