Fan balkon treaun: eask 1,5 jier

14 feb 2005 - 23:06

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat moandei oardel jier sel easke tsjin in man dy't in bejaarde frou fan in balkon ôftreaun hawwe soe yn Snits. De frou kaam troch de fal om it libben. Neffens it OM hat de man bekend, mar op de sitting luts de fertochte de ferklearring yn. Hy soe dy ûnder druk ôflein hawwe.

Advokaat Scholtmeijer fan 'e fertochte pleitet foar frijspraak. Nimmen hat sjoen dat er de frou in triuw jûn hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)