Ald-direkteur wol baan werom
De op non-aktyf sette direkteur fan it Nationale Modelspoormuseum yn Snits wol syn baan werom ha. Gerard Tombroek fynt dat hy ten ûnrjochte ûntslein is en hat in advokaat ynskeakele. Hy krige in wike lyn dien omt 'r net goed funksjoneare soe, en net oerwei koe mei frijwilligers.
Tombroek easket fierder ek in skeafergoeding, hoe heech wol hy net sizze. Ek wol hy dat it bestjoer útspraken oer him rektifisearret.
Trefwurden:
argyf