Beam fan 260 jier wurdt kapt

14 feb 2005 - 16:36

Op it bûten Staniastate yn Oentsjerk wurdt dizze wike in 260 jier âlde boek kapt. De monumintale beam is oantaast troch skimmels, hat houtrot en hat mooglik ek noch in besmetlike skimmelsykte.

Om oare beamen yn de tún fan Staniastate te beskermen moat de boek fuort. As it waar it talit sil woansdei de 25 meter hege beam troch beamsjirurgen kapt wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)