Wierster(26) omkommen by ûngelok

14 feb 2005 - 14:14

In 26-jierrige man út Wier is sneintejûn om it libben kaam by in ûngelok op de Snitserdyk by Dearsum. De man waard yn syn auto oanriden troch in 22-jierrige Ljouwerter. Dy rekke troch ûnbekende oarsaak op de ferkearde helte fan de dyk. De man út Wier fleach mei syn auto in sleat yn. Hy is dêr ferstoarn oan syn ferwûnings.

De man út Ljouwert waard troch de klap út de auto slingere. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)