Faker sûnder diploma fan skoalle

© Omrop Fryslân
It tal bern yn Súdeast-Fryslân dat sûnder diploma fan skoalle giet, is ferline jier opnij tanommen, mei hast 25 persint. Dat docht bliken út de rapportaazje fan it regionale meldpunt foar vroegtijdig schoolverlaters. Dat meldpunt wurket foar 7 gemeenten yn it suden en easten fan Fryslân.
Njoggen jier lyn waarden der noch mar goed 450 skoalferlitters sûnder diploma registreard. Sûnt dy tiid is dat tal alle kearen wer tanommen.