Nije trainer kuorbal Drachten
Willem van Kalsbeek wurdt takom seizoen de nije trainer by kuorbalklub KV Drachten/Van der Wiel. Hy wurdt dêr de opfolger fan Jan Tuttel. De 37-jierrige Van Kalsbeek spile eartiids sels by Drachten. De lêste trije jier wie hy assistint-trainer by haadklasser NIC-Expertus út Grins.
Van Kalsbeek tekent by Drachten in kontrakt foar ien jier. Drachten spilet yn de top fan de oergongsklasse.
Trefwurden:
argyf