Youth for Christ wol mear jild

© Omrop Fryslân
De kristlike organisaasje Youth for Christ wol de kommende jierren tsientûzen euro ha fan de tsjerken yn Fryslân. Hieltyd mear bern klopje oan by Youth for Christ. Op dit stuit wurket der by de organisaasje yn Ljouwert ien betelle krêft.
Dat soene der yn de takomst twa wurde moatte en dat freget om in ferdûbeling fan de omset. Dy is op it stuit 36.000 euro.