Roda JC - Hearrenfean: 2-3
SC Hearrenfean hat sneon mei 2-3 wûn fan Roda JC. Yn Kerkrade stie it by de rêst 0-1 foar de Feansters troch in doelpunt fan Mika Väyrinen, dy't werom wie fan in ankelblessuere. De Fin makke ek de 0-2 wêrmei de oerwinning yn de bûse like te sitten.
Mar Roda kaam werom yn de wedstriid troch in doelpunt fan Cisse. Nijeling Lasse Nilson makke de 1-3 foar Hearrenfean. Roda kaam noch even werom troch in doelpunt fan Pa Modou Kah.
Trefwurden:
argyf