Hornstra 3e op NK hurdrinnen

14 feb 2005 - 10:37

Maaike Hornstra fan Jellum is snein op it Nederlânsk kampioenskip hurdrinnen yn Groet (Noard-Hollân) tredde wurden. Se rûn de tocht fan 10 kilometer en se sit yn de leeftydskategory fan 40 oant 45 jier.

Hornstra rûn de ôfstân yn in tiid fan 38 minuten en 19 sekonden. Har klubgenoat Mariska Kramer-Postma út Drachten waard yn de kategory oant 35 jier alfde. Se klokte in tiid fan 36 minuten en 21 sekonden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)