Samoeraiswurd yn auto

14 feb 2005 - 09:36
Foto: Omrop Fryslân

In 26-jierrige man út Arnhem is sneontejûn oppakt om't er in samoeraiswurd yn syn auto ferstoppe hie. It swurd is yn beslach nommen en de man is meinaam nei it plysjeburo.

Dêr kaam de plysje der achter dat de man noch in goede 500 euro oan boetes iepen stean hie. Pas nei't de man dy betelle hie, mocht er it plysjeburo wer ferlitte.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)