Schuiteman ferlit Cambuur

14 feb 2005 - 00:00

Bernard Schuiteman sil Cambuur oan de ein fan dit seizoen ferlitte. De ferdigener (31) seit dat hy net langer wachtsje wol. Schuiteman wol dúdlikheid en hat dat yn 'e ferskate petearen, dy't hy mei de Ljouwerter klub hân hat, net krigen.

De reaksje fan Cambuur direkteur Ritske Merkus is dat de klub pas letter yn it seizoen mei spilers om de tafel giet om oer eventuele kontraktferlinging te praten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)