Jild foar boarterstunen Menaam
De boarterstúnferiening yn Menaam kin rekkenje op in bydrage fan goed 10.000 euro fan de gemeente foar it opknappen fan twa boartersplakken. Foar beide plakken moatte nije tastellen komme.
De âlde tastellen binne hast 15 jier lyn delsetten. It opknappen derfan soe yn ferhalding te djoer wurde, tinkt de boarterstúnferiening. De gemeenteried moat noch wol akkoard gean mei de bydrage foar de opknapbeurt.
Trefwurden:
argyf