Trije manlju berôve yn Ljouwert

13 feb 2005 - 12:41

Trije manlju binne freedtenacht berôve yn Ljouwert. In 44-jierrige Ljouwerter waard fan syn gouden ketting berôve. In man luts de ketting fan syn hals. Koart dêrnei waard in 41-jierrige man fan Noardwâlde berôve. Fjouwer manlju pakten him beet. De fertochten naaiden út mei in bytsje jild. Eefkes letter krige in 20-jierrige Ljouwerter klappen fan trije manlju. De man moast syn fyts ôfstean. De plysje hat dizze fertochten oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)