Grut stropersnet fuorthelle

13 feb 2005 - 12:12

It stroperijteam fan de plysje en de AID hat sneon in grutte fangst dien. It team helle op de Grutte Gastmar in snoekbearsnet fan in kilometer lang út it wetter. It stie ûnder wetter oer de hiele breedte fan de mar.

It stroperijteam wie it net op it spoar kaam nei in tip fan in sportfisker. Wa't it der delset hat is noch net bekend. Yn it net sieten in soad bleien en tsientallen deade wetterfûgels, mar gjin snoekbears.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)