KNRM rêdt fûgeltellers

© Omrop Fryslân
Fjouwer fûgeltellers binne sneontemoarn fan it eilantsje Griend yn de Waadsee ôfhelle. Sy waarden rêden troch in rêdingsboat fan KNRM-stasjon Harns.
De manlju hiene fûgels teld en soene mei in botter ophelle wurde. Dy krige by Griend maleur, wêrtroch it skip oan leger wal rekke. De Harnser rêdingsboaten waarden warskôge, wêrnei't de manlju fan Griend ôfhelle waarden. De botter waard los lutsen en koe sels nei de haven fan Harns farre.