Sealfuotballers ferlieze
De sealfuotballers fan Hearrenfean/Koningshof ha freedtejûn mei 4-6 ferlern fan Ter Beek út Amsterdam. Fiif minuten foar tiid stie it noch 4-4. Hearrenfean bliuwt nei it ferlies op it ien nei lêste plak stean yn de earedivyzje.
In divyzje leger gong ek Avanti ûnderút. De Stiensers ferlearen thús mei 4-9 fan koprinner ZSW Schäffer út Wijchen. Ek de Stienser steane ien nei leste en bliuwe yn degradaasjegefaar.
Trefwurden:
argyf