Earste Frysktalige fûgelboek

© Omrop Fryslân
Der komt foar it earst in Frysktalich fûgelboekje út. It oarspronklik Dútske boekje is oerset en oanfold mei Fryske fûgels. It is it earste boekje yn syn soart dat yn it Frysk ferskynt. Utjouwer Steven Sterk hat it boekje makke yn gearwurking mei it Fryske Gea, dat 75 jier bestiet.
It boekje ferskynt kommende tongersdei yn in oplage fan 5000 eksimplaren. Yn de foarferkeap binne der al 4000 boeken ferkocht.