Aksje foar Fetter-monumint
De kâns is grut dat op 24 septimber yn 'e Ljouwerter binnenstêd in nij monumint tsjin sinleas geweld ûntbleate wurde kin. Op dy dei is it in jier lyn dat Manuel Fetter troch 14 messtekken om it libben brocht waard. Riedslid Wyb Feddema gong freed by omwenjenden del om harren ynstimming mei de plannen te freegjen. Sa moatte beswierskriften foarkommen wurde. It ûntwerp foar it monumint, in bankje, is al klear.
Trefwurden:
argyf