Boeren wolle fergoeding Frisia

© Omrop Fryslân
Sa'n 25 boeren yn de omkriten fan Winaam wolle miljoenen skeafergoeding fan it sâltfabryk Frisia yn Harns. It giet om in fergoeding fan de skea troch de sâltwinning by it doarp. Boaiemdelgong troch dy sâltwinning hat foar in weardefermindering fan gemiddeld sa'n 15 prosint fan de boerebedriuwen soarge.
De boeren wolle earst in bedrach fan seis miljoen euro, mar sjogge dat as in oanset ta in folle hegere fergoeding.