Koart pleit oer film De Jong

14 mrt 2012 - 14:50

De tariedings foar de film 'Janey, Kind van de Rekening' fan regisseur Steven de Jong moatte stopset wurde. Dat easket skriuwer Patrick van Rhijn yn in koart pleit.

Neffens de skriuwer binne der 136 oerienkomsten te finen tusken syn boek en it skript. Yn beide wurken giet it oer in man dy't yn skieding leit en fjochtet om de fâldij fan syn bern. Yn 2010 praten beide partijen oer in ferfilming fan it boek, mar dat rûn op neat út. De Jong hat doe syn eigen skieding as basis naam foar it skript. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)