Japanske kardinaal net yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De Japanske kardinaal Shirayanagi sil 7 maaie net oanwêzich wêze by in betinking fan de martlers fan de 20ste ieu yn Dokkum. De kardinaal soe de haadgast fan de byienkomst wêze, mar is te siik om te kommen. Dat hat it bisdom Grins tongersdei witte litten.
De betinking soe al yn septimber plakfine yn oanwêzigens fan de Japanske kardinaal. Dat wie yn it ramt fan it Bonifatiusjier. Doe gong de fiering om organisatoaryske redenen net troch.