Atoglas wer yn bedriuw

11 feb 2005 - 14:39

It personiel fan it keunststof-fabryk Atoglas yn Ljouwert is wer oan it wurk. Tongersdei bruts by it bedriuw in wylde staking út, neidat de wurknimmers hearden dat seis ferkeapers in ûntslachbrief krigen hiene.

Fakbûnen en direksje binne noch yn petear oer it iepen halden fan it fabryk. It lot fan de 130 wurknimmers fan Atoglas is al sûnt ferline jier simmer ûnwis. De produksje wurdt oerpleatst nei Frankryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)