Jos Hooiveld nei FC Zwolle

11 feb 2005 - 14:05
Foto: Omrop Fryslân

Fuotballer Jos Hooiveld giet fan SC Hearrenfean oer nei FC Zwolle. De ferdigener (21) wurdt de kommende oardel jier ferhierd. Hy meldt him kommende moandei al yn Zwolle.

Hooiveld kaam by Hearrenfean hast net oan spyljen ta en wie al langer op syk nei in oare klub. Koartlyn rûn hy noch staazje by Livingston yn Skotlân. Mar dat rûn op neat út. Hooiveld kaam yn 2001 oer fan Emmen nei It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)