Eigner tinkstien fûn

© Omrop Fryslân
In tinkstien, dy't begjin jannewaris op de Lavendelheide yn Drachten fûn waard, is werom by de eigner. It giet om in stien dy't ferwiist nei it lizzen fan in earste stien fan in gebou. Dy earste stien waard op 27 july 1934 lein troch 'mejuffrouw' T. Tolman.
Fan wa't de tinkstien is, is net bekend makke. Neffens de plysje is de stien nei alle gedachten by de jierwiksel fan it gebou helle.