Waadseefoarum wol Suderseeline

11 feb 2005 - 08:46

Nederlân moat in Suderseeline oanlizze. De snelle ferbining moat ek trochrinne nei Dútslân, Denemarken en Poalen. Dat stiet yn in rapport fan it Wadden Sea Forum dat tongersdei oanbean wurdt oan minister Veerman fan lânbou.

Troch de Suderseeline troch te lûken wurdt de ynfrastruktuer yn de Waadregio ferbettere. Oer it trajekt fan in Suderseeline lit it forum him net út. Yn it Waadfoarum wurkje legere oerheden út de Waadseelannen mei-elkoar gear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)