Deiblêd moat minsken dien jaan

© Omrop Fryslân
It Frysk Deiblêd moat alve meiwurkers dien jaan, sa hat de haadredaksje tongersdei bekendmakke. It ûntslach is ûnderdiel fan in reorganisaasje. Fakbûn CNV is op 'e hichte brocht oer de besunigingsplannen.
De maatregels binne nedich omdat de krante foarkomme wol dat der lykas ferline jier ferlies makke wurdt. De resultaten fan ferline jier foelen ôf. Der wiene minder abonnees en minder advertinsje-ynkomsten.