Nije winkel treinramp Starum

14 mrt 2012 - 14:46

De wettersportwinkel yn Starum dy't yn july 2010 by in treinûngelok hielendal fernield waard, komt net wer by de haven werom. De eigener sjocht gjin mooglikheden foar nijbou. In trein dindere hast twa jier lyn troch in flater fan 'e masinist dwers troch it stjitblok hinne en feroare de winkel fan Auke de Groot ta rampgebiet. Net ien rekke ferwûne. De fersekering kearde te min út foar nijbou. Ut need hat De Groot no in nije saak op it yndustryterrein yn de loads dy't er earder as opslach brûkte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)