Gebiet foksejacht moat dúdliker

10 feb 2005 - 13:55

De provinsje moat spesifike gebieten oanjaan dêr't op foksen sketten wurde mei om greidefûgels te beskermjen. Dat hat de Raad van State bepaald. Dy moast it beswier behannelje fan de Stichting Faunabescherming tsjin it beslút fan de provinsje om de jacht yn hiel Fryslân ta te stean. Allinne op de Waadeilannen mei net op de foks sketten wurde.

Neffens Faunabescherming moat dúdliker oanjûn wurde yn wat foar gebieten yn Fryslân de foksejacht nedich is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)