10 jier frijwillich iten siede

10 feb 2005 - 13:54

Yn Jobbegea waard tongersdei op 'e kop ôf tsien jier ferlyn it earste frijwilligersmiel sean. Alle tongersdeis stean se om 'e nocht yn it tsjinstesintrum achter de potten en de pannen. Spesjaal foar it jubileum kaam wethâlder Buwalda fan 'e gemeente It Hearrenfean del om mei te helpen. Der kinne op syn heechts 24 gasten oan tafel oanskowe. It frijwilligersmiel is benammen ornearre foar âldere minsken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)