Skarsterlân moat besunigje

10 feb 2005 - 11:49

De gemeente Skarsterlân moatte 300.000 euro besunigje en siket dat foaral yn de eigen organisaasje. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders docht de gemeenteried in tal foarstellen foar de besuniging. Dat komt del op in besparring fan goed 6 ton. De ried kin dus kieze wêrop besunige wurde kin.

De wichtichste besparring is de ferleging fan de personielskosten. It budzjet foar ferfanging by sykte wurdt bygelyks mei 112.500 euro werombrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)