Wurk Middelseerûte útsteld

10 feb 2005 - 11:07
Foto: Omrop Fryslân

It wurk oan de iepen farferbining tusken Ljouwert en Snits is foarearst útsteld. In grûndaam soe trochbrutsen wurde, mar it Wetterskip lit dat noch eefkes lizze. De daam moat in achterlizzende nije kaai beskermje en dy kin de normale wetterdruk fan de Zwette noch net oan. De ferbining is ûnderdiel fan de Middelseerûte. De daam is nei alle gedachten foar it farseizoen wol fuort en dan is de ferbining klear.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)