Ultimatum foar Atoglas

10 feb 2005 - 10:39

De fakbûnen stelle de direksje fan it Ljouwerter keunststoffabryk Atoglas in ultimatum. Woansdei mislearre it safolste oerlis oer de sluting fan it fabryk. De direksje yn Frankryk wol de Ljouwerter festiging fan Atoglas slute. Dêrmei geane 130 wurkplakken ferlern.

De ûndernimmingsried fan Atoglas hat in oar plan ûntwikkele, wêryn't 90 wurknimmers har baan hâlde. Foar 40 komt in sosjaal plan. De direksje wol lykwols net op it plan yngean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)