'RUG út Waadakademy'

10 feb 2005 - 09:57

De Ryksuniversiteit Grins kin net meidwaan oan 'e nije Waadakademy. Dat seit heechlearaar Wolff. Hy fynt de miljoen euro dy't minister Dekker fan Romtlike Oardening en Miljeu beskikber stelt, fierste min.

De RUG is ien fan 'e organisaasjes dy't meidocht oan 'e Waadakademy. It Ryksjild is bedoeld as kompensaasje foar de gaswinning. As it jild oer de ferskate fakgebieten ferdield wurdt, bliuwt der neat oer foar goed ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)