Eksposysje Stinzen en Staten

10 feb 2005 - 09:57

Tongersdei wurdt in nije stichting yn Fryslân oprjochte. Dy stichting wol omtinken freegje foar de staten en stinzen. Woansdei is yn Tresoar yn Ljouwert in eksposysje oer de staten en stinzen iepene.

Ien fan de bysûndere saken dy't dêr te sjen is, is in film fan de state Grut Terherne dy't yn 1879 noch by Bitgum stie. De film is makke mei in lytse aginda, yn in skaalmodel fan de state. De eksposysje is oant 1 maaie te sjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)