Swartrider krijt spyt

10 feb 2005 - 07:49

In 32-jierrige swartrider út Ljouwert hat safolle spyt krigen fan syn rit dat er de spoarweiplysje belle hat. De man siet tiisdei sûnder kaartsje yn de trein. By de kontrôle joech er in falske namme op. Dat siet him letter sa yn 'e wei dat er net sliepe koe.

De Ljouwerter hat fanwege syn 'bekentenis' gjin bon krigen foar falsheid yn geschrifte. Mar hy moat noch wol it treinkaartsje en de boete betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)