Syb yn rockopera fan Kayak

09 feb 2005 - 17:44

Syb van der Ploeg, de eardere sjonger fan De Kast, hat in haadrol krigen yn in rockopera oer de midsieuske foarsizzer Nostradamus. It spektakel is fan 'e band Kayak. Syb wurdt ien fan de tsjinspilers fan Bert Heerink, dy't de titelrol hat. Hy is earst in freon fan Nostradamus, mar feroaret út oergeunst yn in tsjinstanner.

Syb van der Ploeg is sûnt De Kast ophâlden is, sjonger yn de Ingelstalige rockband Spanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)